Skarsterlân moat besunigje

28 apr 2003 - 00:00

Skarsterlân moat flink besunigje. De gemeente sil de kommende jierren nei alle gedachten folle minder ynkomsten fan it ryk hawwe. It kolleezje hat no besletten dat werynrjochting fan Park Heremastate en útwreiding fan it Jouster swimbad earst net trochgeane. Ek it nije fytspaad fan Aldehaske nei Sint Jansgea komt der net.

De boargers geane ek net foarby. De ûnreplik saakbelesting giet de kommende trije jier mei 30 prosint omheech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)