Gosse van der Veen nei CBS

28 apr 2003 - 00:00

Gosse van der Veen, sekretaris/algemien direkteur fan de provinsje Fryslân, is mei yngong fan 1 jannewaris 2004 beneamd ta Direkteur-Generaal fan it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS). Op dy datum wurdt it CBS selsstannich yn de foarm fan in Zelfstandig Bestuurs Orgaan. Der wurkje 2000 minsken.

Van der Veen wurket sûnt 1995 by de provinsje Fryslân. Dêrfoar hie er ferskate funksjes by it ministearje fan VROM. Hy studearre yn Grins ekonomy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)