'Friisk Foriining' yn Dútslân

© Omrop Fryslân
De Noardfryske 'Foriining for nationale Friiske' giet fierder as 'Friisk Foriining'. Dat hat de ledegearkomste fan 'e organisaasje it ôfrûne wykein besletten. Leden en bestjoer fûnen dat de 80 jier âlde namme net mear by dizze tiid past. "It wurd 'nationale' hat tsjintwurdich in negative bysmaak", sa seit foarsitter Jörgen Jensen Hahn.
"Friisk Foriining is in bettere namme", fynt ek bestjoerslid Nommensen, "want wy wurkje yn it Frysk foar it Frysk."