Fernielings op Skier oplost

© Omrop Fryslân
Mei de oanhâlding fan twa fertochten hat de plysje fan Skiermûntseach fernielings en dieverij oplost. It giet om twa jonges fan 16 jier fan Skier. Sy fernielden ferline wike ferskate auto's en besmoargen twa wenten mei swarte ferve. Ek pissen se yn in auto en ha se op ferskate lokaasjes drank en ark stellen.
De plysje kaam de fertochten op it spoar nei tsjûgen-ferklearrings. De twa jonges ha bekend.