Free-fight gala op Thialf

© Omrop Fryslân
In free-fight-gala op It_Hearrenfean luts snein in tûzen fjochtsportfans nei Thialf. Yn tolve partijen kaam de top fan Noard-Nederlân tsjin de rest fan Nederlân yn aksje. Der waard fochten yn trije kategoryen: boksen, kickboksen en free-fight. By free-fight mei alles.
Mike_Escalona fan boksclub Frisia út Ljouwert wûn syn lêste bokspartij fan Erwin_Cafee út Utert. Bokstalint Wouda út Ljouwert krige de earm út_it_potsje en koe syn partij net útbokse.