Fjochtpartij yn Dokkum

27 apr 2003 - 00:00

De plysje hat sneontenacht yn Dokkum in tal jongeren út Ternaard oanhâlden. In groep fan tsien oant fytfjin jongeren wie by in fjochtpartij oan de Aalsumerpoarte belutsen. De plysje frege de jeugd om út elkoar te gean.

Trije fan har folgen dat befel net op en waarden oanhâlden. De saak wie gau ûnder kontrôle. Nei ferhoar op it plysjeburo binne de fertochten, tusken de 18 en 26 jier, wer frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)