Ryk moat sjen nei belang Waadsee

© Omrop Fryslân
Balkenende moat, wat de Waadsee oangiet, net inkeld nei ekonomyske mar ek nei ekologyske belangen sjen. Dat sei Bikker, de nije bestjoersfoarsitter fan de Waadferiening sneon op in ledegearkomste. 'In premier dy't hieltyd oer rintmasterskip praat, soe alles oer ha moatte foar de Waadsee', sa sei er.
Ek neffens skiedend foarsitter Eisma is it foar it Waad net goed dat Nederlân al in jier amper bestjoerd wurdt.