Nij bestjoer hynstestamboek

© Omrop Fryslân
Jaap van der Meulen út Broek by De Jouwer en syn seis kompanen foarmje sûnt freedtenacht 2 oere it nije bestjoer fan it Frysk Hynstestamboek. Mei grutte mearderheid fan stimmen waard de groep Van der Meulen keazen op de ledegearkomste yn Swolle. It besteande bestjoer waard fuortstimd.
Oarsaak binne de grutte tekoarten by it Hynstesintrum yn Drachten. Foar it earst yn de skiednis waard gjin desjarzje ferliend oer de jierrekken.