'De Overval' by Omrop Fryslân

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân TV sil op 4 maaie, nei de deadebetinking, de spylfilm De Overval útstjoere. De film fan 1962 giet oer de ferneamde 'kraak' op de Ljouwerter finzenis fan 1944. Dêrby kamen troch in bliksemaksje fan it ferset 51 politike finzenen op frije fuotten.
Earder op de dei stjoert Omrop Fryslân in dokumintêre út oer de film De Overval. De film fan 105 minuten wurdt op 4 maaie twa kear útstjoerd; om 21.00 en om 23.00 oere.