FNP net yn kolleezje

© Omrop Fryslân
De FNP komt net yn it nije kolleezje fan Deputearre Steaten. Dat ha de twa ynformateurs freed bekendmakke. De FNP soe neffens de oare partijen te bot fêsthâlden hawwe oan har eigen stânpunten. De partij wie net ree om dêr op ta te jaan.
De sweeftrein wie in skeel tusken de FNP en de oare partijen. Neffens Kramer gie it úteinlik oer 'lytse, mar wichtige saken. Foar ús wie it 'oant hjir en net fierder.'