It Hearrenfean hâldt jild oer

© Omrop Fryslân
De gemeente it Hearrenfean hâldt oer it jier 2002 mear as 2,5 miljoen euro oer. Dat docht bliken út de jierrekken. It jild giet foar it grutste part nei de algemiene reserves. Yn 2002 besunige de gemeente noch miljoenen troch bygelyks jongereinsintrum Sfinks te sluten.
Nij yn 'e finansjele plannen is de ynfiering fan in toeristebelesting mei yngong fan takom jier. Dat moat 16.000 euro yn it laatsje bringe. It reservejild is nedich foar letter.