Gjin Davis-Cup op Thialf
IIsstadion Thialf op It Hearrenfean grypt njonken de Tennis Davis-Cup-wedstriid tusken Nederlân en India. It toernoai sil wêze yn septimber. It tennisbûn KNLTB hat besletten de wedstriid ta te wizen oan de IJsselhallen yn Zwolle.
Earder hie in wurdfierder fan it tennisbûn noch wol de mooglikheid iepen litten dat Thialf de organisaasje fan de twakamp krije soe.