Oanjefte húslik geweld nedich

© Omrop Fryslân
Ien op de acht froulju dy't slachtoffer is fan húslik geweld, docht oanjefte. Se binne bang of fiele skamte om de partner oan te jaan. Dat waard dúdlik by de start fan it nije projekt 'Eerste hulp bij huiselijk geweld' op It Hearrefean.
Projektlieder Westerhof trúnt nochris oan op it grutte belang dat slachtoffers fan húslik geweld wól oanjefte dogge. De plysje hopet dat de nije oanpak fertuten docht.