Provinsje jout jild oan Te Plak

24 apr 2003 - 00:00

De takomst foar it projekt Te Plak liket foarearst feilich steld te wêzen. De helporganisaasje foar it plattelân siet yn jildneed, mar krijt fan de provinsje in oerbrêgingskredyt fan hast 100.000 euro.

Mei in ferlingen fan it projekt kin stifting Te Plak trochgean mei it leefberder meitsjen fan parten fan it plattelân. De stifting soarget der bygelyks foar dat der boadskippen dien wurde foar minsken dy't dat net kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)