Wrâldwinkel Frjentsjer net iepen

© Omrop Fryslân
De iepening fan de Wrâldwinkel yn Frjentsjer giet tongersdeitemiddei definityf net troch. De shoarmasaak njonken de winkel is ôfbaarnd en de winkel hat in soad reek- en roetskea oprûn. In protte artikels kinne net mear ferkocht wurde.
De Wrâldwinkel is koartlyn ferhuze nei de Dykstrjitte en in groep frijwilligers hat de lêste wiken hurd wurke oan de ynrjochting. Tongersdei hie de offisjele iepening west.