Skot yn formaasje

24 apr 2003 - 00:00

Nei alle gedachten meitsje CDA, PvdA, VVD en FNP tongersdei de bestjoersoerienkomst bekend oer it nije kolleezje fan Deputearre Steaten. De konseptoerienkomst moat allinnich noch foarlein wurde oan de fraksjes.

Grutste tûkelteammen binne de magneetspoarline en it finansjele belied fan de provinsje. Fryslân is ien fan de lêste provinsjes dêr't noch in kolleezje fan Deputearre Steaten foarme wurde moat nei de Steateferkiezings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)