Projekt om skries te beskermjen

© Omrop Fryslân
Fyftich boeren yn it noarden en westen fan it lân sette har aktyf yn om de skries en oare greidfûgels te beskermjen. Dêrta is woansdei de earste skriesbuorkerij yn Nes oan de Amstel iepene troch minister Veerman fan lânbou.
De skriesstân is yn koarte tiid mei de helte tebek rûn nei 45.000 pearkes. De helte dêrfan briedt yn Fryslân. De Nationale Postcodeloterij stekt 2,3 miljoen euro yn it skriezeprojekt.