Wetterbehear Skylge moat oplost

23 apr 2003 - 00:00

It Wetterskip Fryslân bepraat kommende moandei mei de bewenners fan Skylge de oplossings dy't betocht binne foar it wetterbehear op it eilân. Ut in ûndersyk binne tolve knipepunten by it wetterbehear nei foaren kaam. Sa kin it reinwetter yn West-Skylge net goed fuortkomme.

It wetterskip moat by it oplossen fan de problemen rekken hâlde mei tsjinstridige belangen. Ien fan de mooglike oplossings is in gemaal.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)