Strafsaak Marwei yn maaie

23 apr 2003 - 00:00

De man dy't ein jannewaris dit jier in meiwurkster fan finzenis De Marwei yn Ljouwert deastuts, moat freed 9 maaie foar de rjochter komme.

De man sloech de frou op 29 jannewaris mei in hammer bûten westen en stuts har dêrnei dea mei in guts. It gie om ark út it lokaal foar kreative terapy, dêr't de man en de frou tegearre wiene. De fertochte, in man fan 29, hat syn die yntusken bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)