Bern Wommels yn aksje foar Irak

23 apr 2003 - 00:00

De bern fan beide basisskoallen yn Wommels besykje de kommende tiid jild byïnoar te bringen foar Irak. Alle bern krije tsien blanko kaarten mei, dêr't se sels in foarkant op tekenje kinne. De kaarten moatte dêrnei ferkocht wurde oan famylje en kunde.

As alle 2700 kaarten ferkocht wurde, smyt dat in bedrach fan 1350 euro op. Dat jild wurdt dan stoart op gironûmer 800 800 fan de gearwurkjende helporganisaasjes.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)