Ald tsjerndeksel fûn by Lekkum

23 apr 2003 - 00:00

By opgravings yn de Bullepolder by Lekkum is it âldste tsjerndeksel fan Nederlân fûn. De fynst waard in pear jier lyn dien, mar is no pas bekend makke. It deksel komt út de earste ieu foar Kristus en is dêrmei ien fan de âldste bewizen dat der yn dy tiid al bûter makke waard.

It deksel leit no by in argeologysk sintrum yn Grins mar dy fynt dat it in plakje yn in museum fertsjinnet. Tocht wurdt oan it Frysk Museum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)