Jildpine Nordfriisk Instituut

© Omrop Fryslân
It Nordfriisk Instituut yn Noardfryslân hat earnstige finansjele swierricheden. Om wer lyk te kommen moat it ynstitút ien fan 'e fiif arbeidsplakken skrasse. It Nordfriisk Instituut yn it stedsje Bräist yn Noardfryslân wurket foar de Noardfryske minderheid yn Dútslân.
De subsydzje oan it ynstitút fan it lân Schleswig-Holstein is beferzen, sadat de begrutting elts jier in grutter gat sjen lit. It Nordfriisk Instituut makket learmiddels yn it Noardfrysk.