Boat fan molkpakken

22 apr 2003 - 00:00

Learlingen fan de groepen 7 en 8 fan de Nynke fan Hichtum-skoalle yn Dokkum binne drok dwaande om in boat fan sa'n 3000 molkpakken te meitsjen. Freed sil it bousel te wetter litten wurde. De boat biedt plak oan seis bern.

Sûnt oktober ferline jier hat de skoalle ferpakkings sammele. Mei help fan it VARA radioprogramma 'Leuk is anders' is der in sponsor foar de lym fûn. De skoalle is fol fertrouwen dat de boat driuwen bliuwe sil.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)