Knooppunterûte Noardwest-Fryslân

© Omrop Fryslân
Der wurdt dizze dagen yn Noardwest- Fryslân hurd wurke om in nije knoop- punterûte foar fytsers klear te krijen. De buordsjes mei de nûmers fan de knooppunten binne al pleatst by it súdlike part fan de rûte. In part fan It Bilt en Frjentsjerteradiel folgje noch.
De knooppunterûte is wat nijs yn Fryslân. Tenei kinne fytsers fan punt nei punt fytse en beslacht de rûte gjin grutte ôfstân, lykas 50 of 70 km, mear. Ein maaie moat de rûte klear wêze.