Shoarmasaak 'yn reek op'

© Omrop Fryslân
In shoarmasaak is troch in grutte brân moandeitenacht yn Frjentsjer ferlern gien. De skea wurdt op mear as in heal miljoen euro rûsd. Omwenners seagen reek út de saak oan de Dykstrjitte kommen en warskôgen de brânwacht.
Mei help fan kollega's út Harns krigen se it fjoer út. Op it tiidstip fan de brân wie net ien yn de saak. De Wereldwinkel, dy't neist de shoarmasaak sit, hat in soad roet- en wetterskea oprûn. De winkel bliuwt foarearst ticht.