Fia ynternet nei it sikehûs

22 apr 2003 - 00:00

Pasjinten fan Talma Sionsberg kinne meikoarten sels in ôfspraak meitsje fia ynternet. Yn it Dokkumer sikehûs begjint Eachhielkunde mei dizze proef. Letter moat it foar alle spesjalismes mooglik wurde om sa ôfspraken te meitsjen. Dêrmei wol it sikehûs de klanten temjitte komme.

It sikehûs iepenet meikoarten ek twa nije poly's. Ien foar dikke minsken en ien foar allergyen dêr't minsken út it hiele lân telâne kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)