Petear tusken iishal en klubs

© Omrop Fryslân
De iishal en reedridersferieningen út Ljouwert prate wer mei elkoar. Al in pear jier brûke de ferieningen de hal net mear om't se de tariven te heech fûnen. De iishal hie de hier ferhege om de hegere kosten op te fangen. De klubs binne nei Thialf op It Hearrenfean útwykt.
Ut resinte petearen docht bliken dat beide partijen mooglik wer by elkoar komme. De iisbaan hat foarstellen dien dy't de klubs besjen sille.