Promoasje Van der Kuip oan VU
Fryske Akademy-meiwurker Frits van der Kuip (1955) promovearret tiisdei oan 'e Vrije Universiteit yn Amsterdam. Hy hat in proefskrift skreaun oer de Fryske Burmania-sprekwurden út de santjinde ieu.
De samling bestiet út 1200 sprekwurden dy't oerlevere binne yn in hânskrift út 1614, taskreaun oan de ealman Georgius fan Burmania. De samling is in unyk taalmonumint om't it Frysk om 1600 hinne amper skreaun waard.