Laweiplein Drachten ôfsletten

21 apr 2003 - 00:00

It Laweiplein yn in sintrum fan Drachten is fan moandei ôf ôfsletten foar it ferkear. It drokke ferkearsplein tsjinoer teater De Lawei krijt in opknapbeurt. De stopljochten ferdwine en fytsers krije mear de rûmte.

De opknapbeurt fan it plein is eins it slútstik fan in hiel soad projekten om Drachten goed berikber te hâlden en it ferkear te twingen de stedsring te brûken. It krúspunt bliuwt ôfsletten oant de simmer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)