Fytsmakker yn Terherne

© Omrop Fryslân
Terherne hat foar it earst yn de histoarje in doarpsfytsmakker. Yn gearwurking mei de stifting Talant eksploitearret it Kameleondoarp de fytsmakkerij yn de skuorre fan it museumdoarp. Fierder kinne der, ek yn it wykein, fytsen hierd wurde.
Yn de fytsmakkerij wurkje seis meiwurkers fan Talant. Dat binne minsken mei in ferstanlike handikap. Talant en it Kameleondoarp wolle ein dit jier mei in pottebakkerij begjinne.