De Warrenhove siket personiel

21 apr 2003 - 00:00

Fersoargingshûs De Warrenhove yn Drachten moat yn in pear moannen sa'n 50 nije meiwurkers oannimme. Der wurdt in hiel nij team opset om aanst soarch te leverjen oan de bewenners fan wensoarchkompleks Suderhiem.

It kompleks giet yn septimber iepen. Teamlieder Jan Nico van der Wal fan De Warrenhove tinkt dat it net al te dreech hoecht te wêzen om sa folle minsken te finen. In soad minsken kieze op it stuit foar in baan yn de soarch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)