Falske strippekaarten yn omrin

21 apr 2003 - 00:00

Ferfiersmaatskippij Arriva hat op it stuit in soad lêst fan falske strippekaarten. Der binne wol faker ferfalskingen yn omrin, mar dizzen binne wol hiel goed neimakke. De plysje is drok dwaande mei in ûndersyk.

It giet om blauwe kaarten mei 15 strippen fan 5,90 euro. Bussjauffeurs moatte ekstra skerp kontrolearje. It probleem fan de falske strippekaarten spilet njonken Fryslân ek yn Grinslân en Drinte.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)