Pistoal lutsen by stellerij

20 apr 2003 - 00:00

Sneontejûn hawwe twa manlju yn Ljouwert de skoudertas fan in 27-jierrige frou út Snakkerbuorren stellen. De beide mannen waarden efterfolge troch de frou, in freondinne en in foarbygonger. Fierderop waarden de dieven oantroffen wylst se de tas oan it leegjen wiene.

By de wrakseling dy't folge tusken dieders en efterfolgers, luts de iene man in pistoal. Dêrnei naaiden de dieders út. De plysje hat de manlju net mear oantroffen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)