'Wynenerzjy kin lang net út'

© Omrop Fryslân
Trochgean mei it ûntwikkeljen fan wynenerzjy sil de mienskip de kommende jierren in soad jild kostje. Dat seit professor Lukkes út Ljouwert. Yn de perioade oant 2020 kostet wynenerzjy 26,6 miljard euro.
Lukkes hat in boek oer it ûnderwerp makke, wêryn't hy ynsichtlik makket wat krekt de kosten fan wynenerzjy yn Nederlân binne. Lukkes tinkt dat de oerheid en de enerzjybedriuwen sels wol witte dat wynenerzjy lang net út kin.