Cambuur op 'e nij ûnderút

19 apr 2003 - 00:00

Cambuur hat freed yn Almelo mei 4-0 ferlern fan it pleatslike Heracles. It slagge de Ljouwerters sadwaande net om revanche te nimmen foar de 1-7 nederlaach dy't har earder dit seizoen tabrocht waard troch de Almeloërs.

Mei de rêst stie it noch 1-0, mar benammen de lêste fiif minuten wie der gjin hâlden mear oan doe't de stân fan 0-2 op 0-4 brocht waard. Krekt as earder yn Ljouwert foarme Rick Platvoet it grutste gefaar foar de Ljouwerters.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)