Oranjewoud ferbiedt cao-aksjes

18 apr 2003 - 00:00

Wurknimmers fan yngenieursburo Oranjewoud meie net meidwaan oan cao- aksjes. De direksje ferbiedt dat, sa beweare de fakbûnen.

Om't de direksje alle cao-foarstellen fan de bûnen ôfwiisd hat, soene der dizze wike aksjepamfletten útdield wurde by it haadkantoar op it Fean. As de wurknimmers meidogge, rinne se lykwols de kâns om dien te krijen. It aksjekomitee is foarearst opheven.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)