Acht jier sel foar stekpartij

18 apr 2003 - 00:00

Tsjin in 35-jierrige ynwenner fan Frjentsjer is freed acht jier sel en twangferpleging easke. De Frjentsjerter moast yn Ljouwert foarkomme foar it deastekken fan in frou fan 35 yn Bar Alouette yn syn wenplak. Trije oare minsken rekken dêrby ferwûne.

De fertochte en syn advokaat wiene net by de behanneling fan de saak. Der soe net genôch tiid west ha om de stikken troch te nimmen. De stekpartij soarge mids ferline jier foar in soad opskuor.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)