E2-E4 earste set ynternetpartij

18 apr 2003 - 00:00

Skaker Sipke Ernst fan Damwâld hat freedtemoarn yn radioprogramma Omnium de earste set dien fan syn ynternet-skaakpartij tsjin de rest fan Fryslân. De earste set wie de bekende iepeningsset pion E2-E4.

Tsjinsetten kinne it hiele peaskewykein dien wurde fia www.omropfryslan.nl. Sipke syn twadde set wurdt tiisdeitemoarn yn Omnium bekend makke. Ernst fertelde dat er de ynternetpartij bysûnder serieus nimt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)