Wer problemen mei Achmeatoer

18 apr 2003 - 00:00

Der binne op 'e nij problemen mei de Achmeatoer yn Ljouwert. In pear wike lyn is in grut rút op it panoramadek yn de top fan de toer stikken gien. Dat is freed bekend wurden.

Achmea hat de saak stilholden, om de Ljouwerters net ûngerêst te meitsjen. Earder foelen al twa swiere platen nei ûnderen. Dat soarge foar in soad opskuor. Mooglik is it rút stikken gien troch drukferskil. De oare ruten op it dek binne yntusken ekstra goed fêstset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)