Seis moanne easke tsjin Boonstra

17 apr 2003 - 00:00

Seis moanne selstraf ûnder betingst en 240 oere tsjinstferliening is tongersdei easke tsjin eks-Philips-topman Cor Boonstra. Boppedat wol Justysje dat Boonstra in boete betellet fan 180.000 euro.

De âld-topman moat ek de winst oer de ferkeap fan syn oandielen Endemol, 250.000 euro, werom betelje. Boonstra stiet terjochte fanwege hannel mei foarkennis yn oandielen Endemol. De rjochter moat noch útspraak dwaan.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)