Strân by Balk wurdt opknapt

© Omrop Fryslân
It strân en de kamping oan de mar by Balk wurde lang om let opknapt. Oan de kant fan de yngong nei de Luts wurdt in jachthaven oanlein. It inisjatyf komt fan rekreaasje-ûndernimmer en skûtsjeskipper Allard Syperda.
No leit it strân der fertutearze by. Fan it hjerst hopet Syperda mei de realisaasje fan de plannen te begjinnen. Foar de simmer fan takom jier moat it dan klear wêze. De gemeente is ek aardich entûsjast.