Gjin topdrokte op Waadeilannen

© Omrop Fryslân
Toeristen stappe dit wykein net massaal op de boat nei ien fan de Waadeilannen. De VVV's op de eilannen hiene, mei it each op it moaie waar, mear minsken ferwachte de kommende dagen.
Dochs binne se net ûntefreden, sa lit wurdfierder Smit fan de VVV's op de eilannen wite. Neffens Smit is likernôch 90% fan de hotels, bungalows en fakansjehûskes beset. De rekreaasje- ûndernimmers ha in soad konkurrinsje fan waarme lannen as Spanje en Grikelân.