Fertochten sedesaak frijlitten

© Omrop Fryslân
De sân mannen dy't fertocht wurde fan ferkrêfting fan twa famkes yn Ljouwert, binne tongersdei frijlitten. Fiif fan har sieten al twa wiken fêst, twa binne pas moandei oanholden. De fertochten moatte noch wol foarkomme.
De oanklacht sil wêze dat se de twa famkes twongen ha ta seks yn in wenning yn de Frijheidswyk yn Ljouwert. De famkes koene har net ferdigenje. Se wiene ûnder ynfloed om't de mannen har sterke drank jûn hiene.