Oerfal op fideoteek

17 apr 2003 - 00:00

In fideoteek oan de Bleekleane yn Ljouwert is woansdei oerfallen. Twa wapene mannen bedrigen in meiwurker mei in fjoerwapen en hellen in pear hûndert euro út de kassa. Dêrnei naaiden se út yn de rjochting fan it Fliet.

It sinjalemint fan de twa oerfallers is bekend. Fan in tredde persoan, dy't foar de fideoteek it spul yn 'e gaten hâlde, is gjin omskriuwing. De plysje hat de omkriten ôfsocht nei de dieders, mar neat fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)