Mishanneling yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan Oentsjerk is woansdei yn Ljouwert mishannele troch twa ûnbekende jonges. Se sloegen de 22- jierrige Oentsjerkster yn it gesicht en yn de nekke. De mishanneling hâldt op doe't der auto's oankamen.
Slachtoffer en dieders wiene elkoar earder tsjinkaam, doe't se op harren fyts hast meielkoar yn botsing kamen. De man út Oentsjerk hie dêr gjin skuld oan. Hy moast him yn it sikehûs behannelje litte.