Mear autostellerij yn Fryslân

© Omrop Fryslân
De stellerij fan auto's en oanhingweinen is tanommen yn Fryslân. Dat is opmerklik omdat yn 'e rest fan Nederlân krekt minder auto's en karren stellen wurde. Dat docht bliken út sifers fan de stifting Aanpak Voertuigcriminaliteit.
De stifting hat it earste kwartaal fan 2002 ferlike mei dat fan dit jier. Ferline jier binne 56 auto's en karkes stellen yn dy periode. Dit jier binne dat mear as twa kear safolle.