6500 wenten der by yn Ljouwert

17 apr 2003 - 00:00

Ljouwert krijt der de kommende jierren 6500 wenningen by. It giet om de grutste útwrieding yn 'e skiednis fan 'e Fryske haadstêd. De wenningen komme op it terrein fan 550 bunder oan 'e súdkant fan Ljouwert en binne bedoeld foar minsken mei de wat hegere ynkommens.

Yn 'e nije wyk Súdlannen komme ek skoallen, kantoaren, in trainstasjon in sportpark en in maneezje. It earste hûs wurdt yn 2006 oplevere, de wyk yn 2026.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)