Plan foar jachthaven yn Marssum

© Omrop Fryslân
Marssum krijt mooglik in jachthaven mei fyftich oant hûndertfyftich lisplakken. Mei dat plan rint hoarekaûndernimmer Van Wieren om. Hy sjocht wol mooglikheden om boaten nei it plak te krijen, hoewol't Marssum net echt yn wetterrike omkriten leit.
Oft Van Wieren syn plan wurklikheid wurdt, is noch mar de fraach. De plande jachthaven leit presys op it plak dêr't de eventuele heak om Ljouwert ek komme moat.