'De Hammerslag' grut sukses

16 apr 2003 - 00:00

De Hammerslag, it edukaasjesintrum oer greidboeren yn Westergeast, is in grut súkses. De famylje Dijkstra kin de drokte hast net mear oan.

De famylje begûn in jier lyn mei it projekt. Se wolle minsken in oar byld jaan fan greidboeren as dat fan tongblier, regels en problemen. Dat slacht oan: der komme safolle bern en toeristen op de buorkerij, dat in part fan it gewoane wurk lizzen bliuwt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)