Wer oanhâldings yn sedesaak

© Omrop Fryslân
De plysje yn Rotterdam hat twa nije fertochten oanholden yn de Ljouwerter groepsferkrêftingssaak. Yn totaal sitte no sân manlju fêst. Sy soene twa famkes fan 13 en 16 jier ferkrêfte hawwe.
De twa famkes diene twa wike ferlyn oanjefte. De fertochten binne tusken de 17 en 25 jier en allegear famylje of kunde fan inoar. Justysje ferwachtet net noch mear oanhâldings yn de saak te dwaan.